Geschiedenis KV de Eendracht

6 maaie 1904 is it offisjeel dat ús keatsferiening oprjochte waard. Foar safier wy witte keatste men al folle earder yn ús doarp. Yn aug. 1800 moat al in keatspartij plakfûn ha om in sulveren bal. In keatsfjild wie der net en der waard dan ek keatst yn “de Finne” ; in stik greide fanôf 1913 yn besit fan boer Dijkstra. (Dit hat oan 1962 ta duorre, doe’t yn Hitsum in nij sportfjild kaam.)

De namme fan de feriening wie by de oprjochting “Nieuw Leven”. Dit feroare, doe’t yn Frentsjer de ferienings “Jan Bogtstra” en “De Eendracht” byinoar stapten. Sy hâlden de namme “Jan Bogtstra” oan en stelden yn 1937 it findel nei bemiddeling fan “baas Bogt”(=R.Alkema) oan Hitsum beskikber. De skiednis hjirfan liedde der ta dat de namme fan ús feriening oanpast waard.

De keatsferiening organisearre fanâlds elk jier de merke yn ûs doarp. Dit wie wol tige bewurklik en yn 1939 waard de earste oanset jûn foar in Feestkommisje, dy’t noch altyd as sadanich funksjonearret, no ûnder de namme Vereniging voor volksvermaken Hitzum.

Der is yn de rin fan de tiid in protte feroare. Eartiids wie it keatsen in manljusoangelegenheid. It wie al yn ‘e 70er jieren fan de foarige ieu dat de froulju foar it earst meidiene en it hat noch in tal jieren duorre ear’t de jeugd yn Hitsum oantrúne waard om te keatsen.
Froulju keatsten stadichoan dochs mear en dêr kaam út fuort dat yn it begjin fan de 80er jier-ren de earste frou yn it bestoer sitting naam. Froujlu waarden mear bij it keatsen belutsen, it draachflak waard grutter en men wie yn staat mear te organisearjen.
Jeugdtrainingen krigen no ek de oandacht. Koartom, it bestjoeren fan in keatsferiening is folle yntensiver wurden troch de jierren hinne.
Yn 2000 is it útein setten mei de “Ald-Meiers Partij”. Wij binne der grutsk op dat dizze ôfdielingswedstriid foar famkes al sa’n foarnaam plak ynnaam hat yn de (frouljus-)keatswrâd.
In 2002 is der mear oandacht komme foar de jeugd troch in jeugdkommisje. Troch harren is yn 2003 “it Kabouterkeatsen” fan de grûn kaam(training foar 5- en 6-jierrigen).


Ut it Jubileumboek ‘100 jaar kaatsen in Hitzum’
Hjoeddeisk bestiet de feriening út mear dan 100 leden, is de Ald-Meiers Partij in grutte partij wurden en wurdt der ek kompetysjekeatst mei in sachte bal. Der wurde ek ferskate ledepartijen ferkeatst, tink hjirby oan in 30+ partij of it nachtkeatsen.