Fryslân fan boppen al spotten?
Fan woansdei 15 april ôf fljocht der twa wiken lang op wurkdagen in drone of in helikopter boppe de provinsje om Friezen in hert ûnder de riem te stekken. It projekt Fryslân fan boppen is betocht troch de Fryske boargemasters en LF2028. Omrop Fryslân en de Ljouwerter Krante stjoere de bylden út.
Sjoch it filmke hjirûnder foar de folsleine beskriuwing fan it projekt: https://www.omropfryslan.nl/nijs/952367-fryslan-fan-boppen-lit-jo-boadskip-sjen
Op tongersdei 16 april fleane we de rûte oer de Slachtedyk, tusken 9:00 en 12:00 oere moarns. Tusken 11.00 en 12.00 oere komt de drone oer Hitsum fleanen.
Ydee
Nei oanlieding fan it nijs oer it project justerjûn op Omrop Fryslân TV justerjûn kaam Kûbaard mei in moai plan: Se hingje mei it hiele doarp de wite wask bûten, fan wite lekkens oan ‘e waskline oant wite flaggen ta it rút út, it hiele doarp wyt. It ydee dêrachter is dat se op dizze wize alle soarchferlieners yn Fryslân en dêrbûten sjen litte wolle dat se harren stypje en om wurdearring sjen te litten. Al gau kamen we ta it ydee fan: wat soe it moai wêze as safolle mooglik Slachtedoarpen hjir oan meidogge, in prachtich byld fanút ‘e loft, de Slachte wyt. Ik wit, de Slachtedyk rint mar troch trije doarpen, mar mei Fryslân fan Boppen binne we fan doel om ek oer safolle mooglik doarpen oan de Slachte hinne te fleanen.
Us fraach oan jimme is: wa slút him oan by Kûbaard en kleurret ek it doarp wyt?
Fansels is der de frijheid foar elkenien om sels ek plannen te betinken: bern dy’t mei kryt in moai boadskip op ‘e stoepe sette, in bouwwurk yn it lân…
Wichtich is: feiligens foarop. We freegje elkenien om him oan de jildende regels fan it RIVM te hâlden. Tink om jimsels en in oar!
Groetnis fan de Slachtemarathon en Hitzum.com